woensdag 31 oktober 2018

Stilsitte...

Stilsitte. It is net echt my cup of tea, sis mar.
Moandei bin ik by Keunstwurk dan ek begûn mei in kursus 'Toneelschrijven' ûnder leiding fan Janna de Lathouder. 
De earste opdracht wie dizze sitewaasje:
Man, frou, keukenstafel, giele banaan, brune banaan, fierder lege fruitskaal, frou wol de giele banaan hawwe mar mei dit net beneame en/of freegje. Skriuw de dialooch dy't plakfynt. O en it mei 1 A4 lang wêze. 

Euhm... okey. 
Marruh, hoe dogge je it dan mei de mise-en-scène, de ensenearring? Wêr smar ik de couleur locale? Hoe meitsje ik helder hoe't de ferhâldings lizze..? Ik rin grif op de saken foarút, dat ik ha mar in begjin makke:

Zij: Kies jij maar, Curaçao of Vlieland?
Hij: Ach, schat…
Zij: Nee toe. Kiezen: De Librije of de Febo?
Hij: Laat maar. Ik heb er geen zin in.
Zij: Netflix of NPO1?
Hij: Lieverd. Hou op.
Zij: Dat jij liever cranberries plukt op Terschelling weet ik heus wel, iedereen weet dat jij… 
Hij: Iedereen weet wat?
Zij:  Nou. Dat jij liever safe and sound in dit kutgehucht blijft.
Hij (pulkt achteloos aan de nagenoeg lege fruitschaal):
      Waar haal je dat nu ineens vandaan?
Zij: Maar het is toch zo? Jij zit toch liever op je knieën tussen de klaver dan dat je het leven plúkt.
      Met mij! Stop ’s met frunniken, wil je.
Hij: Oh ja. Is dat zo?
Zij: Met je mosclubje.

(de rest sil ik jimme earst mar besparje, o en Hollânsk ja; oars kin juf it net lêze, bin'k bang)


dinsdag 30 oktober 2018

Mear sizzenskip foar elts!

"Hoezee! Graaf dy grêft, bou dy muorre, easkje mear en wurd hear en master fan ús eigen Fryske Keninkryk!"
Foar Doarpswurk skreau ik oer parasitêre gemeentes, de fearkrêft fan in mienskip, en die de oprop ta mear sizzenskip (en mei Johannes as Kening Kramer 😉).




zondag 7 oktober 2018

Duorsumensdei 2018

10-10-2018 is it Duorsumensdei yn Nederlân én Fryslân!

'Hierbij het verhaal voor 2018, wat aansluit bij thema "vriendschap" van de Kinderboekenweek. Via de samenwerkende bijen vragen we aandacht voor behoud van bijen en biodiversiteit. De documenten kun je downloaden en printen voor de voorlezer en/of op het digibord vertonen.

Het verhaal en de vragen/stellingen voor het nagesprek zijn in 1 document opgenomen en zijn zowel in het Fries als in het Nederlands. In de lesbrief is opgenomen: De brief met instructie aan de leerkracht en de voorlezer en het sprookje De bijenkoningin. Dit is in het Nederlands.'


Sjoch foar it lesbrief en it ferhaal op nmenaturij.nl.


woensdag 3 oktober 2018

Skoalkamp foar Sufferts

Foar de Duorsumensdei 10-10-2018 skreau ik 'Skoalkamp foar Sufferts' oer bijen, freonskip, biomimicry en 'de kracht van nieuwe energie'. It ferhaal slút dan ek oan by it nasjonale tema fan De Dag van de Duurzaamheid 'en by it tema fan de berneboekewike Vriendschap - Kom erbij.
Basisskoallen krije it ferhaal én de lesbrief oanbean fan: NME-Centrum De Klyster, NME Pingo&Pet, Groendoen, NME Naturij, IVN, gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferwerderadiel, Fryske Marren, Kollumerland c.a., Smallingerland, Súdwest Fryslân en Tytsjerksteradiel. Mear witte? Freegje dan ien fan de NME's!

"In nij skoaljier en in nije master mei nije ideeën. It is ein septimber en wy sille, mei dy nije master Niels, op skoallereiske. It reiske wie útsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al.
Moarn sille wy dan dus einliks op skoallereiske, hiel aardich fansels, mar sjoen myn sosjale status is in meardaachs skoallereiske sis mar net myn favorite hobby. Ik sliep leaver thús, yt leaver gjin weake makaroany en hâldt net fan stomme stikjes op de bûnte jûn. Om dy fan in freeslik skoallereiske te rêden; lear fan myn 9 ûnferjitlike flaters.

Flater 1 – Yt noait alle snobbersguod yn 1 x op
By it middeisiten de earste dei, eigenwize-Evi-en-dy sitte op 15 meter rjochts en freeslike-Fender sit mei syn kammeraden op 7 meter links fan my, servearret de keukenploech makaroany. Honger dat ik ha, leppelje ik de panne yn ien kear leech. De weake pasta, de bleke smek en de lije reade saus misse harren útwurking net; mei’t ik de lêste hap trochslok fiel ik my de mage kearen. Myn eagen wurde grut as pantsjes, ik hâld de siken yn en koarje de hiele brot sá oer juf Azra hinne. De fierdere dei oerlibje ik op sûker en e-nûmers; hearlik kôgjend op fruitmentos en topdrop."

Ik skreau der earder dit oer.

vrijdag 28 september 2018

De Moanne - Geheimen út 'e Boskberch

"Tredde berneboek ‘bezige bij’ Janneke de Boer

As der guon eigenskippen net oerienkomme mei de betinker, dan binne dat wol de trije slakken Bearend, Sofy en Frou D. út it nijste berneboek Geheimen út ‘e boskberch fan Janneke de Boer fan Weidum. Op 23 septimber waard it boek oan lêzend Fryslân toand yn it Doarpshûs fan Weidum. It is al wer it tredde, Frysktalige berneboek fan de yn 1982 berne De Boer nei Stikel en Rôversguod en dat yn trije jier tiid."

En:
* de yllustraasjes dy’t wier prachtich binne
* ferwûndering en bewûndering foar partner fotograaf Piet Douma
* alles is makke fan recycled materiaal
🖋 Rynk Bosma

Lês hjir fierder


Ljouwerter Krante - Geheimen út 'e Boskberch

“Het verhaal, geschikt voor kinderen in de middenbouw, speelt zich diep onder de zandvlakte in het Drents-Friese Wold af. Drie slakken zijn er op ontdekkingstocht en treffen een spoor van honingdruppels aan. Die zoetigheid leidt ze naar de allerlaatste bij van Friesland. Gezamenlijk broeden ze op een plan om niet alleen deze bij te redden, maar een heel nieuw volk te stichten.”
🖋 Rixt Oenema 

1ste resinsje Geheimen út 'e Boskberch

Tante Tjits skreau de earste resinsje oer Geheimen út 'e Boskberch, lês hjirre wat sy fûn!